Sertifikaat foar twatalich wurkjen foar bernedeiferbliuw Woudfennen

Geplaatst: 23-05-2017 14:57|© Foto: JouwJoure.nl


DE JOUWER - It wie feest op bernedeiferbliuw ‘Woudfennen’ fan De Jouwer. It bernedeiferbliuw fan Sandra Popma wurket sûnt de maitiid fan 2014 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. De liedsters hawwe harren tige ynsetten en sy hawwe it sertifikaat koartlyn behelle. Op tongersdei 11 maaie hawwe sy dit mei âlden en bern fierd. Foar de bern wie Tomke oanwêzich. Sy koenen mei him op de foto en wa’t woe koe eefkes by him sitte. Tomke hat it sertifikaat ‘Bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling’ oan de liedsters oerlange.

 

Twatalichheid op Woudfennen

Op bernedeiferbliuw Woudfennen wurket in tiim fan fjouwer liedsters. Eigner Sandra Popma wurket sels ek op de groep. De oare meiwurkers binne Annet de Vries, Boukje Bouknegt en Maryanne van der Ley. Sy soargje mei elkoar foar in goede ferdieling tusken it Frysk en it Nederlânsk. De liedsters prate allegear konsekwint Frysk tsjin alle bern en it Nederlânsk krijt omtinken by aktiviteiten as sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.



Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by Woudfennen west te sjen en sy skriuwt yn har rapport ûnder oaren: ‘De sfear is rêstich. Taal is tige wichtich yn de omgong mei de bern. By de lytskes likegoed as by de grutten. Doe’t Sandra bygelyks de tafelstoel omdraaide fan ien fan de bern, sei se: “Ik draai dy efkes om dan kin ik der better by mei it iten jaan”. Annet hie in gitaar meinaam. De âldste bern stiene om har hinne en mochten allegear efkes besykje te spyljen. Wylst lei Annet alles út oer de snaren, hoe ’st mei de fingers dwaan moast ensfh. Foar it opromjen waard earst warskôge en dêrnei in ferske songen as sinjaal dat de bern it materiaal wer teplak lizze moasten. Dat wie yn in omsjoch klear.’  En: ‘It meielkoar fruititen wie in gesellich momint. De liedsters skylden it fruit en dielden út. “Wat fynst lekker, wolst noch in stikje par of appel of leaver in drúfke?” Fan lege drinkbekers waard in moaie toer makke en de kleuren waarden oefene mei help fan bekers en bakjes.’



By it sertifisearringstrajekt krijt berndeiferbliuw Woudfennen begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 200 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.


Delen:
Reacties

Er zijn nog geen reacties op dit bericht.

Om te reageren moet u ingelogd zijn. Login of registreer