Fred Veenstra nije foarsitter Rie fan Tafersjoch Tryater JouwJoure
Pull Down & Laat Los om te verversen

Nieuwsbericht

© JouwJoure.nl
Fred Veenstra nije foarsitter Rie fan Tafersjoch Tryater
Geplaatst: 06-03-2017 10:32

JOURE - Tryater hat Fred Veenstra oanlutsen as foarsitter fan de Rie fan Tafersjoch. Veenstra, dy’t begjinne sil op 13 maart e.k., folget Tytsy Willemsma op. Sy hat fan 2008 oant 2014 as lid diel útmakke fan it bestjoer fan Tryater en wie fan 2014 ôf – doe’t it bestjoer in oare foarm krige – foarsitter fan de Rie fan Tafersjoch. Nei acht jier is it tiid om de beakens te fersetten en de beheinde tiid dy’t it wurk yn Brussel as Adviseur public affairs by it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (SNN) meibringt oars yn te setten.

 

Fred Veenstra, opgroeid yn Surhústerfean, is sûnt 1 desimber 2015 boargemaster fan de gemeente De Fryske Marren. Hy studearre bestjoersrjocht en hie tal fan bestjoerlike funksjes. Foar syn beneaming yn De Fryske Marren wie Veenstra boargemaster fan Frjentsjerteradiel.

 

Fred Veenstra sjocht Tryater as it toanielselskip fan en foar Fryslân. Hy fynt dat Tryater, mei foarstellingen foar jong en âld, ien fan de dragers fan de Fryske taal is en dus in wichtige rol spilet yn it yn stân hâlden fan ús Fryske kultuer. De Rie fan Tafersjoch en Tryater binne bliid in passende opfolger fûn te hawwen foar Tytsy Willemsma.

Deel dit bericht via:
Facebook
Twitter
Mail
Reacties

Er zijn nog geen reacties op dit bericht.