MIKS Welzijn en Tryater holden moandeitejûn 21 novimber mei 10 minsken fan De Jouwer en út de omjouwing in keukentafelpetear oer hoe feilich sy harren fiele en hoe’t se reagearje as der wat bart yn harren omjouwing. Dat is ek it tema fan de foarstelling De wierheid fan Wylgeragea, dy’t Tryater op 30 novimber yn ‘t Haske op ‘e Jouwer spilet. Yn it petear kaam ûnder oaren de subjektiviteit fan ûnfeilichheid en eangstkultuer oan ‘e oarder, en it bewust meitsjen fan de kar om gjin erchtinkend minske te wêzen.
Foto: Jan de Vries
Kaarten foar De wierheid fan Wylgeragea binne te keap by 't Haske: 0513-415281.
Er zijn nog geen reacties op dit bericht.