JOURE - De minsken fan Stichting Nijjiersrevu de Jouwer binne sûnt septimber alwer drok dwaande mei de 30e Nijjiersrevu, “Ut en Thús”. Efter de skermen wurdt der al folle langer oan wurke. Sûnt it tema Ut en Thùs sa’n oardel jier lyn bekend wie, binne de rêden fan de skriuwers en regisseur Aukje Steeman alwer oan it draaien gien.
Nei it sukses fan “In wiete boel” doart de stichting it foar de tredde kear oan en dogge se der by de Nijjiersrevu wer in skepke boppe-op. Dat betsjut net dat der allegearre glitter ljochten en grutte artysten út de kast helle wurde, mar wol dat der in ekstra foarstelling is en dat der moaie dingen oan it konsept tafoege binne.
Sa is de band, ûnder lieding fan Leon Smits, útwreide mei moaie nije ynstruminten en binne der in oantal nije (jonge) minsken by. Mar ek de âlde, fêste kearn stiet noch altyd as in hûs.
Ut en thús, wêr tinke we dan oan? In breed ûnderwerp sille jo tinke, en dat is ek sa.
We fiele ús allegearre thús op ‘e Jouwer of yn elk gefal yn ús gemeente De Fryske Marren. Mar we meie der fansels ek graach ris op út gean. Sûnt ús gemeente sa útwreide is, hawwe wy dêr binnen de gemeentegrinzen alle mooglikheid ta. Al wolle wy ek wol ris bûten die grinzen sjen en geane wy graach ris op reis.
Ek op ‘e Jouwer binne der ferskate plakjes wer’t wy der op út gean kinne. Neam de ferskate kroegen en café’s die’t de Jouwer ryk is. Dêr wit Nijjiersrevu de Jouwer op humoristyske wize in boekje oer iepen te dwaan.
Ek oare plakjes, lykas de sauna en de Midstrjitte, en werkenbere situaasjes en persoanen komme yn de revu foarby.
Dochs is it nei elk útstapke, fier of tichteby, elke kear wer moai om thús (op ‘e Jouwer) te kommen. Sa tinke se der by de Nijjiersrevu teminsten wol oer.
It is altyd feest en ik bin der bij.
Twa kear yn ‘t jier hurddraverij.
Jouster Merk elts jier opnij.
Ik fiel mij thús op ‘e Jouwer.
Fiel jo ek thús by de Nijjiersrevu en gean der noflik in jûn (as middei) op út.
De foarstellingen binne op freed 8 (20.00 oere), sneon 9 (20.00 oere) en sneon 16 jannewaris (14.30 en 20.00 oere) yn Party- en Zalencentrum’t Haske. Kaarten kostje € 10,00 (jûns) of € 7,50 (middeis) en binne te keap op de webside: www.revudejouwer.nl en by Tabalkspeciaalzaak J.R. van Delden, Midstrjitte 63 op ‘e Jouwer.
Besykje en folgje ek de Facebookpagina fan Revu de Jouwer.
Er zijn nog geen reacties op dit bericht.